Greidhoekekompetysje Mantgum - Easterlittens
t soe heve. It gers wie meant, mar de gemeente hie in dikke laach lizze litten op it fjild. Troch it reiniche waar wie it fjild glêd en mei it gers tusken de proppen fan ’e skuon koene de keatsers mar min op ’e fuotten bliuwe. De senioaren: Sjirk Gjalt, Jan Geart en Wilco wiene net te hâlden. Wilco as opslagger, Jan Geart foaryn en Sjirk achteryn bliek in gouden opstelling. Mei 5-4 en 6-6 waard der wûn, wat foar Mantgum in moaie opstekker wie. De junioaren wiene de jûns mei syn twa’en. Johannes foaryn en Jasper achteryn. It lyke der earst op dat ek hjir in ûnferwachte oerwinning helle wurde soe, want Johannes en Jasper stiene beide goed te keatsen. Toch wie Littens foar harren in maatsje te grut en ja ferlearen mei 3-5 en 4-6. Stân 1-1. Ja hoeche har net te skamjen, want it hie ek oars útpakke kinnen. In bytsje gelok heart der ek by. De froulju Ilse, Joke en Baukje wiene skerp en woene perfoarst winne. Tot earsten gelyk gong it gelyk op, mar doe rûn Mantgum flot nei in 5-1 en 6-0 oerwinning. Stân 2-1 foar Mantgum. In histoaryske oerwinning yn de nije kompetysje. Dit jout de boarger moed foar de lêste wedstriid yn en tsjin Wommels op 30 juny. It wurdt in feestlik barren op de slotwedstriid fan de Greidhoekekompetysje want ek Littens en Eastein keatse yn Wommels har lêste wedstriid. We hoopje op in protte publiek. Kom dus allegeare nei Wommels. De keatsers ha jimme steun nedich. Tot 30 juny yn Wommels.
Geplaatst op 11 June 2010